Stadshart: Folkskeuken Oekraïne

Kaartsjes (Pay What You Choose)

Skow op 16 novimber oan foar in nije edysje fan Folkskeuken: in jûn fol iten, kultuer en ferhalen. Dizze kear komt ús gastfrou, Sophia Kostiuchyk, út Oekraïne.

Troch de oanhâldende oarloch yn it lân is Oekraïne faak yn it nijs west, en groeit ek de Oekraïenske mienskip yn Nederlân. Hjoed jouwe wy oandacht oan de pine én de fitaliteit fan Oekraïners, mar sjogge wy ek fierder as de krantekoppen. Troch ferhalen, iten en muzyk leare wy de Oekraïenske geast kennen. Of sa’t Sophia seit: “it grutte hert fan Oekraïne.”

Wy ite tradisjonele Oekraïenske gerjochten, taret troch kok Viktoriia Tkach. No al sin oan? Sjoch efkes op har Instagram!

Viktoriia koeket mei lokale, Fryske produkten lykas reade biet en ierappel – sawol yn Fryslân as yn Oekraïne in leafst gewaaks. Wy harkje nei poëzij en live muzyk. Skow oan by de lange tafels, moetsje nije freonen en ûntdek Oekraïne tidens dit jûnfoljende programma!

Us kaarten wurkje neffens in Pay What You Choose-systeem. Wy wolle graach dat ús programma tagonklik is foar elkenien, dus kies foaral de opsje dy’t past by dyn beurs. Kinsto wat mear misse, dan makkest it mooglik foar immen oars om foar minder (of hielendal neat) te kommen. Elkenien bliid!

Oer it Stadshart
Fan 5 oant en mei 23 novimber feroaret Podium Explore yn it Stadshart. Alle middeis organisearret in oare lokale scene of mienskip in DIY-sesje ûnder de namme Studio Stadshart. De iene dei kinst as besiker gitaarpedalen soldearje, de oare dei learst hoe’tst dyn eigen soerdeeg-starter meitsje kinst. En jûns kinst lekker bykomme mei bandtsjes, lêzings en foarstellingen!

*alle programma’s fan it Stadshart binne fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der ek wat te iten?
Jawis. Pop-up restaurant De Voedselbar tsjinnet middeisiten, jûnsiten en all day snacks. It Stadshart is dus eins dyn favorite kafee, mar dan ien dêr’t altyd wat leuks te dwaan of te sjen is. En wêr’tst maklik yn ’e kunde komst mei kreative mienskippen, buorlju, freonen en minsken út de regio. Alle dagen iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!