Sorvina

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

In glês kâlde ranja nei in lange drûchte

Sorvina – grutbrocht yn in foarstêd fan New York, no wenjend yn Berlyn – makket alternative hiphop mei ynfloeden út soul, jazz en poëtyske spoken word. Op har debút-EP Oh, the places you’ll go rapt se oer alles dat har dwaande hâldt: fan deistige twifels oant grutte dreamen. En dat docht se op sa’n autentyke, libbensfreugde-útstraljende wize datst fansels in bytsje rjochtop sitten giest. Opfrisse, fleuriger, hoopfoller.

Yn in fraachpetear waard har frege wat foar advys se de wrâld jaan soe. Har antwurd: “folgje dyn dreamen en drink mear limonade.” Sa fielt har optreden ek: as in glês kâlde swiete ranja dy’t dy ynhâldlik realisearje lit hoefolle toarstst ast hiest. Mei in skerpe blik foar de minsklike ûnderfining bout Sorvina op it poadium in gefoel fan kameraadskip en ferbûnens dat mar in hantsjefol artysten foar inoar krijt.

“Beneath the soothing energy of Sorvina’s tone lies an artist whose passion for rap, hip-hop, and poetry transcends mere performance; it’s an invitation to immerse oneself in the boundless joy she brings to the stage.”
— Most Wanted: Music