De plande foarstelling Formerly Known As fan URLAND kin spitigernôch net trochgean en wurdt ferfongen troch Bedtime Stories.
Der wie ris in jonge dy’t te folle films seach. Hy ferlear himsels yn de magy fan fiksje en ferlear it kontakt mei de echte wrâld. Hoe praat ik mei in frou? Wêrom moat ik stjerre? Hoe kin ik de werklikheid foarmjaan en feroarje, krekt as yn myn ferhalen? Thomas Dudkiewicz skriuwt en spilet Bedtime Stories: in mearstimmige solo yn de foarm fan in live harksjend toanielstik.
De foarstelling is in sêance fol filmreferinsjes, wêryn hy as in misjonaris fanút syn souderkeamer deldaalt en de ferbylding preket. Ferhaleferteller Dudkiewicz fertelt in ferhaal oer fertellers dy’t inoar Bedtime Stories fertelle, en fansels byt it ferhaal himsels yn ’e sturt. Elk ein is in nij begjin.
Performancekollektyf URLAND hat spesjaal foar dit tsjustere mearke in 8-speaker-ynstallaasje en eigen technology ûntwikkele om it lûd in ekstra diminsje te jaan. It surround-lûdslânskip spilet him rûnom it publyk ôf.
Taal: Ingelsk
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.