Trije generaasjes froulju yn in byldzjende foarstelling
Wat bart der as in oarloch net stopt nei de ein? Yn ravensbrück ûndersiket teatermakker Stefanie Claes hoe’t it ferline fan har beppe trochwurket yn har eigen libben.
Aline Vervoort, har beppe, waard yn de Twadde Wrâldoarloch oppakt en bedarre yn konsintraasjekamp Ravensbrück. Se oerlibbe, mar droech de littekens fan dy tiid har hiele libben mei. Dy ûnderfiningen hawwe har wei fûn nei dochter en bernsbern.
As bern fielde Stefanie al dat der wat ûnderhûds spile yn har famylje. Se dreamde oer soldaten yn ’e strjitte. Pas op har sechtjinde ûntdekte se it echte ferhaal. Petearen mei har mem en beppe makken har hieltyd mear bewust fan hoe’t it ferline fêstgroeid sit yn it no.
Yn ravensbrück fertelt se dit famyljeferhaal sûnder wurden. Se brûkt bylden, tekeningen, ljocht en hantwurk om emoasjes en oantinkens oantastber te meitsjen. De foarstelling is lyts en presys, en nûget út ta stil neitinken. Elk gebaar telt.
De foarstelling waard ûntwikkele mei Mia Kermis, mei wa’t Stefanie earder har byldzjende teatertaal foarme: ambachtlik, persoanlik en yntym. Se liet har ynspirearje troch petearen mei famylje, mar ek troch brieven, dokumintêres, histoaryske boarnen en ynsjoggen fan trauma-eksperts.
ravensbrück giet net allinnich oer it oarlochsferline, mar foaral oer hoe’t ferline trochwurket: yn lichems, yn wurden, yn stiltes. Hoe’t skiednis har nei wenjen set yn it deistich libben – faak sûnder datst it daliks merkst.
Trije generaasjes froulju steane sintraal. Harren ferbûnens, fitaalens en kwetsberens foarmje de kearn fan dit byldzjende ferhaal.
De foarstelling is selektearre foar it TheaterFestival2024 en wurdt priizge om har presyzje en gefoelichheid. ravensbrück wurdt spile yn it ramt fan 4 en 5 maaie. Gaadlik foar folwoeksenen en bern fanôf 10 jier.
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.