“One of the most beautiful acts of art, journalism and life that I’ve ever seen.” -Shirish Kulkarni
Nothing Bigger Than Humanity nûget dy út om te fielen wat it betsjut om minske te wêzen yn de wrâld fan hjoed. Yn dizze gearkomste sjogge wy werom op resinte wrâldskiednis * op fjouwer kontininten, troch de eagen fan millennials dy’t der as bern sels by wiene. In absurde oarloch, in yndustriële ramp, in mobilisaasje fan muzikanten en in sosjaal eksperimint dat alomfiemjend is.
Troch diel te nimmen oan dizze gearkomste, wurdt ek do tsjûge fan dizze barrens. Nei elke sêne meie alle gasten har eigen tinzen diele. Dizze live reaksjes bepale hoe’t elke foarstelling him ûntteart: gjin inkelde gearkomste is itselde.
Alle stimmen mei-inoar foarmje ien grutte tsjûgenis fan wrâldwide machtsdynamiken. Krachten dy’t sels de meast natuerlike bannen tusken minsken ferbrekke kinne, sadat wy ferskuord efterbliuwe tusken djippe leafde en grutte eangst. By Nothing Bigger Than Humanity trochbrekke wy dy’t ûnhâldbere steat fan binne, troch ús mei-inoar te ferhâlden ta de minsklikens dy’t wy allegearre diele.
De foarstelling wurdt droegen troch trochrinnende live muzyk, kreëarre troch Sarah Thorsfery (blokfluiten & zang), Yung Tuan Ku (vibrafoan & slagwerk) en Andrea Voets (harp & elektroanica).
Praktyske ynformaasje
– Totale djoer: 3 oeren. Unike sênes, gjin werhellingen.
– Drinke en snacks binne foarsjoen.
– Nei binnenkomst kinst sa lang bliuwe ast wolst. Kinst op elk momint de seal ferlitte en weromkomme.
Histoaryske foarfallen
Bhopal gasramp, Yndia (1984), Ferburgen ‘ swarte ’ bern ûnder de Eenkindpolitiek, China (1976 -2016), Iran-Irak Oorlog (1980 -1989), Staat- en narco-geweld, Meksiko (1980 s, 1990s, 2000s).
Resonate Productions kombinearret djipgravende, sosjale sjoernalistyk mei orizjinele muzyk ta performances, podcasts en foarstellingen. De podcast Millennial History wie neffens Avery Trufelman ien fan de bêste podcasts fan 2022. Mei de foarstelling FOR REAL makket Resonate Productions yn 2025 syn debút by BAM’s Next Wave Festival yn New York. Artistyk lieder Andrea Voets is ISPA-fellow en skriuwt foar De Groene Amsterdammer.
Credits
Artistiek leider: Andrea Voets,
Onderzoek, interviews, edit: Andrea Voets,
Muzikanten/componisten/hosts: Yung Tuan Ku (percussie), Andrea Voets (harp, electronica), Sarah Jeffery (blokfluiten, zang, electronica)
Dramaturgie: Burkhard Körner, Andrea Voets, Anastasis Sarakatsanos
Outside-eye: Burkhard Körner
Lichtontwerp: vinny Jones
Geluidstechnicus: Hayden Hook
Technische coördinator: Simon Kelaita
Productie: Danai Belosinof
Zakelijk leider: Dodó Kis
Mogelijk gemaakt door: Fonds Podiumkunsten, Amsterdams Fonds voor de Kunst. In samenwerking met: De Balie, O., Splendor, Theater De Roode Bioscoop, CC Amstel