SHIFT: Nynke Laverman - Oak

SHIFT Kaartsjes via de Harmonie

In magyske reis troch it ryk fan de siel

Sjongeresse en taalkunstner Nynke Laverman lûkt dy mei har betoverjende stim yn wûnderlike wrâlden en lit dy altyd in bytsje ‘soul struck’ efter. Har nijste foarstelling OAK is in magyske reis troch it ryk fan de siel, dêr’t beammen, bisten en stiennen har ferhaal fertelle.

Mei lieten, spoken word en fertelkeunst weeft Nynke, mei klankmakker Sytze Pruiksma, in yntelliginte muzikale lânskip: soms skerp en fan no, soms mei de beswarrende kadâns fan in âld ritueel.

Mei OAK bouwe se fierder op wat se mei Plant yn beweging setten hawwe. Yn in sfearfol dekôr fan analoge fideo spegelet Nynke ús westerske wrâldbyld op sêfte, humoristyske wize, wylst se tagelyk in oare werklikheid ta libben bringt. It byld fan de minske as ferneatigjende krêft is net it hiele ferhaal. Wy binne safolle mear.

Tegearre meitsje Nynke en Sytze al mear as 20 jier aventoerlike, sfearfolle muzyk mei ynhâldlike, poëtyske teksten. Dêrby kombinearret Nynke har memmetaal, it Frysk, mei it Ingelsk. Nei har debút mei Fryske fado’s folge nasjonale en ynternasjonale erkenning foar har eigenwize wurk en har sielfolle stim: “a leaf-blown shimmer of a voice,” neffens The Independent.

Yn 2021 bringt se Plant út, in yndringend album dat troch de parse beskreaun waard as hypnotisearjend – in muzikale film dêr’tst yn ferlern giest. It spoken word-stik Your Ancestor fûn syn paad oer de hiele wrâld en iepene as in emosjonele wake-up call herten, festivals en konferinsjes.

Har ynspiraasje fynt Nynke yn kultueren dy’t yn harmony libje mei harren omjouwing, lykas de Kazachske nomaden yn Mongoalje, by wa’t se in skoft taholden hat. Harren fisy – dêr’t alles mei alles ferbûn is – makket dat se har eigen wrâldbyld hieltyd op ’e nij befreget.

Nynke: “Ik hoopje dat ik mei myn muzyk in wrâld opropje kin wêryn minsken better nei harsels harkje kinne.”

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.