SHIFT:  Nic Bruckman - Tussen de Mazen

SHIFT Podium Explore
Podium Explore
Kaartsjes

Leafde en ferrie tusken weagen en drugsgeweld

In fisker en in krimineel reitsje fêst yn in gefaarlik spul fol drugs, ferrie en ûnferwachte leafde. Tussen de Mazen is in teatrale thriller oer oerlibjen op see, basearre op wierbarde feiten. Hoe bliuwst earlik as nimmen him mear oan de regels hâldt? En hoe bewarrest dyn manlikens as dyn holle op hol slacht foar dyn maat?

De foarstelling dûkt yn de ferburgen wrâld fan drugsymport op de Noardsee. Fiskersboaten en kartels fine inoar yn iepen wetter. Kontenerskippen út Súd-Amearika smite harren lading kokaïne oerboard, fiskersboaten helje it op. Foar de minsken oan board is it in libbensgefaarlik spul.

Yn dizze thriller steane in fisker en in trochwintere krimineel sintraal. Twa minsken út hiel ferskillende wrâlden, gearbrocht troch tafal én hannel. De see is rûch, de omstannichheden ûnfoarspelber. Doane en kartels foarmje in konstante driging. Mar tusken de sporttassen fol drugs springt in fonk oer. Har bân groeit, nettsjinsteande alle risiko’s en ferskillen. Wat begjint as gearwurking, einiget yn wat gjinien ferwachte hie.

Tussen de Mazen is in ferhaal oer oerlibjen yn in wrâld sûnder regels. Wat dochst ast net mear witst wat goed of ferkeard is? Hoe bliuwst trou oan dysels as de druk om te oerlibjen hieltyd grutter wurdt? En wat betsjut manlikens noch yn in omjouwing dêr’t macht en geweld de toan oanjaan?

De foarstelling is skreaun troch Nic Bruckman en makke troch Bruckman Projecten. Harren wurk rjochtet him op wierbarde, faak ekstreme barrens. Foarfallen dêr’t wy leaver net nei sjogge, mar dy’t in soad sizze oer de wrâld dêr’t wy yn libje. Foar dizze foarstelling farde Nic Bruckman sels wikenlang mei op fiskersboaten.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.