“In geniale demonstraasje fan taal as ûnderdrukkingwâpen” – Theaterkrant
Yn language: no broblem ûndersiket Marah Haj Hussein hoe’t taal him beweecht tusken grinzen, oantinkens en macht. Troch persoanlike ferhalen út Belgje en stimmen fan har famylje yn beset Palestina, lit se sjen hoe’t taal tagelyk ferset én ûnderdrukking wêze kin. Palestynsk Arabysk, Hebriuwsk, Ingelsk en Nederlânsk botsje, ferfoarmje en mingje. “In geniale demonstraasje fan taal as ûnderdrukkingwâpen,” skreau Theaterkrant.
Marah nimt dy mei yn har persoanlik ferhaal, dat spilet tusken ferskate talen, kultueren en oantinkens. Se fertelt oer har libben yn Belgje en hoe’t se har beweecht tusken meardere talen. Tagelyk klinke de stimmen fan har famylje troch – minsken dy’t libje yn beset Palestina. Sy prate oer harren ferhâlding ta harren memmetaal, it Palestynsk Arabysk, en de ferbining mei it Hebriuwsk, de offisjele taal fan harren wenplak.
De foarstelling lit sjen hoe’t taal ferbûne is oan macht, identiteit en kultuer. Marah toant dat in taal net neutraal is, mar ynfloed hat op hoe’t minsken harsels en oaren begripe. Se spilet mei de grinzen fan wat wol en net oerset wurde kin. Mei humor, lilkens, leafde en absurdisme omearmet de foarstelling de grinzen fan fertaalberens, wylst se tinkt oer prosessen fan ferset. language: no broblem is in útnôging om nei te tinken oer meartaligens, oer wa’t heard wurdt – en yn hokker taal dat bart.
Over Marah Haj Hussein
Oer Marah Haj Hussein
Marah Haj Hussein (1998) is in dûnseres, aktrise en makker fan Kofor Yassif yn beset Palestina. Se wennet yn Antwerpen, dêr’t se yn 2021 ôfstudearre oan it Keninklik Konservatoarium mei in Bachelor yn Dûns. Yn 2023 behelle se har master yn Drama oan it KASK yn Gent. Troch dizze twa dissiplines te ferbinen, daagt Marah de skieding tusken tekst en beweging út en siket se nei mooglikheden om beide tagelyk op it toaniel ta te lieten.Yn har wurk ûndersiket se it begryp en de betsjutting fan ‘memmetaal’, wylst se de machtsdynamyk tusken talen ûnder de loep nimt. Marah wûn de Roel Verniers Priis fan it Theaterfestival 2023.
SHIFT, yn initiatief fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.