Wat as’t op it momint dat it der ôf giet, krekt sa gevat bist as’t hope hiest? Yn DEAR FRAIL MALE fertelt Just van Bommel in persoanlike anekdoate oer in ûnferwachte moeting mei in groep jonges. Just betinkt dizze oantins op ‘e nij yn in tekstuele, ritmyske performance oer it (frij letterlike) gewicht fan de manlike noarm.
Stel dy foar: ûnderweis nei hûs wurdst benadere troch fyftjin jonges. Se stelle fragen oer watst bist, watst oanhast. Oftst in penis hast of net. Oerfallen troch de situaasje kinst net reagearje sa’tst it leafst dwaan soest. En dy goeie fragen weromstelle slagget ek net. Fan noch mar te swijen oer it skerpsinnich neamen fan hoe sneu en dom dyn belagers eins binne. En yn it hytst fan de striid kinst al hielendal gjin empaty opbringe foar de reden dat dizze ‘bern-mannen’ kwetsende wurden nei dy raze.
Mar wat as’t dat wól kinst?
Yn DEAR FRAIL MALE jout Just dizze oantins in nije foarm. Mei stipe fan twa manlju dûkt Just yn de striid fan jonges en manlju yn harren syktocht nei identiteit, binnen in maatskippij dy’t agressy as krâft sjocht en kwetsberens as swakte. Njonken in werwurdsje tsjin it algemiene (mar achterhelle) manbyld is de foarstelling in wanhopige besykjen om manlju te ynspirearjen in emancipearjende stap te nimmen.
”Dear Frail Male is in glashâldere, wichtige en befrijende foarstelling yn in prachtige poëtyske foarm.” – BNG Theaterprijs Genomineerden
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan De Broeikas Presintearret. Mear programma foar dizze jûn wurdt letter bekendmakke.
SHIFT, yn initiatief fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.
Oer de makker
Just van Bommel besiket yn harren (altyd persoanlike en foarmsterke) wurk mei lichtens en humor romte te jaan oan de dingen dy’t net sa moai binne oan it bestean. Just studearre yn 2022 ôf as performer oan de Toanielakademy yn Maastricht. Yn harren foarstellingen kombinearret Just humor mei trageedzje, en sjocht harren nei it triviale en deistige om romte te meitsjen foar eksistinsjele en universele fragen. Ljocht, persoanlik, soms melodramatysk en altyd fol selsspot, sadat swiere tema’s lichter fiele kinne.
Sûnt 2023 is Just ferbûne oan Frascati Producties. Earder makke Just hjir de foarstelling A divine aversion to DYING mei Diane Mahín (Beginnings 2022) en Het Spektakeltje (2023) mei Emma van den Elshout. Just foarmet ek it kolletyf The Midnight Specials mei Lieke van der Vegt en Laila Claessen.