Wat barde der yn Suriname tidens de Twadde Wrâldoarloch? Teatermakker Emma Lesuis giet op syk nei antwurden yn dizze muzikale live-dokumintêire. Mei argyfbylden, ynterviews en de muzyk fan Silbersee bringt se in fergetten skiednis ta libben. Mear as Bauxyt wie ien fan de publyksfavoryten op Oerol 2024.
It is in belangryk en yntins teaterwurk dat net fertelde oarlochsferhalen út Suriname yn it ljocht set. Faak wurdt sein dat de oarloch dêr gjin ynfloed hie. Mar kloppet dat wol? Yn Mear as Bauxyt siket Emma nei it wier ferhaal. Se erfde in skat oan argyfmateriaal mei filmbylden út de jierren ’40 en ’50. Dy bylden wiene it begjin fan har ûndersyk nei in ûnbekend part fan de Surinaamske skiednis.
Emma reizge nei Suriname en spruts mei minsken dy’t har de oarlochsjierren noch heuge. Ferhalen dy’t faak net earder ferteld binne. Se besocht plakken dêr’t de skiednis oan te reitsjen wie. It resultaat is in yntime, filmyske foarstelling dy’t oankomt. Mei Silbersee bringt se in muzikale live-dokumintêire wêrby argyfbylden, ynterviews en muzyk gearkomme.
De foarstelling stiet op it snijflak fan muzyk, dokumintêire en fertelkeunst. It publyk kriget in bysûndere ynsjoch yn it libben yn Suriname tidens de oarloch. Mei gefoel, humor en in skerpe blik fertelt Emma oer it deistich libben yn in tiid fan wrâldwide ûnrûst – mar ek fan lokale ferhalen dy’t lang ferburgen bleaun binne.
Meer dan Bauxiet waard op Oerol 2024 entûsjast ûntfongen. Alle 17 foarstellingen wiene binnen in dei útferkocht. Publyk en parse wiene loovjend.
“Belangryk en yntins teaterwurk oer Suriname yn de Twadde Wrâldoarloch.” – Theaterkrant
“In ferhaleferteller pur sang dy’t mei humor en in skerpe geast har publyk betsjoent.“ – Het Parool
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.