SHIFT:  Antiklimax, Grand Theatre - Herzschmerz

SHIFT
Stadsschouwburg de Harmonie
Kaartsjes via de Harmonie

In teatrale syktocht nei leafde bûten de klisjees. It Grinzer makkersduo Antiklimax presintearret Herzschmerz: in hjoeddeistige bewurking fan Goethe syn Werther en in ferfrjemdende, absurdistyske leafdestrijehoeke.

As de heale cast ôfstapt, ropt teatermakker Elias syn âlde freondinne Lucinde op om dochs mar audysje te dwaan. Wylst de wrâld op har grûnvesten skoddet, reitsje trije personaazjes fêst yn in romantyske Bermuda-trijehoek. In moderne ferkenning fan ûnbeäntwurde leafde, botsende idealen en yntins langstme.

Yn in hotel oan de snelwei (de perfekte lokaasje foar yntrospeksje, ûnbetelle minibarrekkeningen en ûnwennige moeting mei eksen) sit Elias mei syn kontroversjele foarstelling. Mei de cast fuort, is syn iennichste útwei Lucinde: kleuterjuf, âld-toanielstudent, ferloofd mei in pleatslik politikus dy’t it karisma hat fan in gemeentlike folder. Wat folget is in audysje dy’t fielt as in werferiening, dy’t fielt as in ûnwjersteanbere trijehoek – wylst bûten de wrâld oergiet yn gaos.

Herzschmerz is gjin klassyk leafdesdrama, mar in teatrale ûndersyk nei leafde dy’t net rêdt mar ûntrêstet. Leafde net as útkomst, mar as fraach. Kin post-romantyske leafde liede ta eat grutter as leafde allinnich?

Antiklimax stiet bekend om orizjinele teksten, in unike spylstyl en in frisse blik op klassike tema’s. Mei Herzschmerz sette se har syktocht nei romantyk fuort yn in wrâld sûnder fêste grûn.

Warning: yn de foarstelling wurdt mooglik gebrûk makke fan stroboskopysk ljocht.

Trigger warning: de foarstelling rekket oan ûnderwerpen lykas depresje en selsmoard.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.