Sanam Tahmasebi & Explore the North – Freedom in Fragments (preview)

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes


Preview troch Sanam Tahmasebi & Explore the North

Foarpriuwke troch Sanam Tahmasebi & Explore the North
Yn dizze soloforstelling dielt komponist, muzikant en ynterdissiplinêr makker Sanam Tahmasebi in persoanlike refleksje op tema’s as frijheid, oantinken en de stim as foarm fan ferset. Fanút har rinnende multidissiplinêre projekt Beyond the Triangle presintearret se in wurk opboud út laachde sang, cello, fjildopnames, elektroanika en poëzij.

It folsleine wurk, makke yn gearwurking mei dûnser en choreograaf Roshanak Morrowatian, dramaturch Nilay Ceber en yn ko-produksje mei Explore the North, draait om opnommen gedichten fan Iraanske froulju dy’t yn Iran wenje. Dizze gedichten binne gjin politike manifestaasjes, mar ynlike lânskippen: fersen dy’t iensumens, lilkens, hoop, skientme en langstme drage. Yn dizze soloforstelling wurde harren stimmen transformearre troch klank. Wat him ûntjout is in rau, yntym en driuwend momint – gjin boadskip, mar in dielde romte. In sintuëlik fjild dêr’t fertriet en hoop neist inoar besteane, in spegel foar ús kollektive langstme nei frijheid.

Foto: Mar Gimeno Lumbiarres

Taal: Ingelsk en Farsi