In wrâld tusken alles yn
Guon artysten litte har net yn in hokje pleatse, mar soene wol in fassinearjend venn-diagram opleverje. Tink hjirby oan oerlappende sirkeltsjes mei wurden as poëzy, klassyk, pop en spoken word – mar ek elektroanika, drumkompjûters en filosofy. Is dêr in ferbining yn te finen? Jaseker. Middenyn fynst celliste Saartje van Camp, dy’t al dy dissiplines tegearre bringt ta wat hiel eigens, dat – ferhip – ek nochris hielendal kloppet.
Begjin fan dit jier brocht Van Camp, al jierren de fêste muzikale partner fan Spinvis, in solo-album út dat op alle goede manieren núver is. Soms praat-sjongt se yn ûnwierskynlik sjarmant Flaamsk of Frânsk, soms set se alles iepen en wurdt har stim in ynstrumint binnen in mysterieus muzikaal ramt. Hoop tusken de púnhopen – it tema fan ús festival dit jier – bringt se wis. Lykas yn de single De hand van de dokter, dêr’t de rigel “het komt goed het is goed het komt goed het is goed” as in hymne werom komt.
Live wurdt Van Camp bystien troch de like ûnmooglik talintearre multi-ynstrumintalisten Dizzi Geetha (drummer, slachwurkster & teatermakker) en Judith Rijsenbrij (toetseniste en sjonger). Mei inoar kreëarje se in wrâld tusken alles yn – ien dêr’tst fuort alles dellizze wolst.