Rizan Said

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Dans-stamp-hâld fan!

Stamp dyn (wan)hoop derút op de Koerdisk-Syryske dûnsmuzyk fan Rizan Said – komponist, muzikant en producer dy’t sels de grutste harken oan it dûnsen krijt. Earder wie er toetsenist by dy oare easterske dûnsleginde, Omar Souleyman, mar de lêste jierren krijt Said ek mei syn solowerk as keyboard-held wrâldwiid de fuotten fan ’e flier. Of no ja, better sein: steurich op ’e flier.

It kloppende hert fan Saids muzyk is de ritmyk fan de dabke: in tradisjonele dûnsstyl dy’t yn it Arabysk letterlijk ‘stampen’ betsjut. Neffens de oerslach ûntstie se by it oanstampen fan strie, hout en ierde op dakken yn ’e Levant, op it ritme fan in liet dat song: ‘Litte wy helpe gean.’ In echte community effort dus.

Rizan Said bringt dy iuwenâlde enerzjy en mienskipssin nei it no, mei knarsende synths en opzwepende ritmes. En oftsto no komt stampen út bliidsume hope of as protest, as folwoeksen dabke-dûnser of stugge Noorderling mei kantoarrûch – elkenien mei meidwaan. Moat, eigentlik. Dûns/stamp/hâld fan!