SILENCE is in multidisiplinêre en ynterkulturêle gearwurking tusken wrâldmuzyk en hjoeddeistige dûns.
Yn dizze audiofisuele foarstelling ûndersykje handpanmuzikant Rishiraj Kulkarni út Yndia en dûnser Froukje Zijlstra út Fryslân de betsjutting fan stilte. Fanút har ferskillende artistike eftergrûnen ûntstiet in yntuïtive dialooch tusken lûd en beweging. Melodieuze en rytmyske slagwurk ferweve har mei fysike ekspresje en meitsje in sintuiglike ûnderfining wêryn fjouwer ferskillende aspekten fan stilte ferkennd wurde. SILENCE nûget it publyk út om te fertrâgjen, te harkjen en stil te stean by hoe’t stilte romte jaan kin oan ferbining, lykwicht en refleksje.
Rishiraj Kulkarni & Froukje Zijlstra – SILENCE
Sneon 30 maaie
20.15 – 21.15 oere (ynrin fanôf 19.30 oere)
Pay What You Choose (€11 – €26)