Puinhoop Galore met Kruidkoek

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Nei de show mei Joost Oomen bliuwt Kruidkoek op it poadium stean foar noch in feestje: wolkom by Puinhoop Galore! Tegearre mei in rige freonlike muzikanten, dichters en oare moedigen giet de band noch efkes troch mei it kreëarjen fan fleurige gaos, en stiet de mikrofoan iepen foar nije aventoeren.

Dat it de ûnthâldwaardige encore fan de ieu wurdt, fiele wy oan ús wetter. Mar tagelyk hat nimmen in idee wat der krekt barre sil. Der is mar ien manier om derachter te kommen: Join de puinhoop – we have cookies.