Poezienight - Frieten vs. Patat

Festivalwykein
Podium Explore
Kaartsjes

Poëzy, fritten én patat fan de heechste planke

Eh, wat? Ja, yndied: poëzy, fritten én patat! De Poezieboys (Joep Hendrickx en Jos Nargy) binne by Explore the North al lang gjin frjemden mear. Dit duo makket furoare op festivals en yn teaters troch it hiele lân mei rock ’n roll & poëzy en is ûnderwilens in fêste gast op ús festival. Foar dizze spesjale edysje fan harren Poezienight traktearje se dy net allinnich op in programma fol dichters fan eigen boaiem, mar ek út Flaanderen!

Klear foar in vette jûn fol foardrachten fan Daniëlle Zawadi, Merlijn Huntjens, Marieke Ornelis, L.J. De Brouwer en Eelke Veltman. En mei de oansteeklike enerzjy fan Joep en Jos wurdt dit in jûn fol fersen om dyn fingers by ôf te likjen.

De Poezieboys binne ek op de oare twa festivaldagen te sjen, mar dan tegearre mei Joost Oomen yn de Oerol- én teaterhit GEESTEN.