Trijedûbel rekke
Soms sjochst werom en tinkst: dit moast gewoan sa rinne. Dat gefoel krigest ek ast lústerst nei Deep Pockets, de single fan Pitou, LUWTEN en Naaz – trije op harsels al priizge artysten dy’t no tegearre in hertferwaarmjende track makken. It begûn yn 2017 by in tafallich ynterview oer harren muzykdreamen. De froulju holden kontakt, besochten inoars optredens, en fûnen jierren letter einliks tiid foar in mienskiplike skriuwretraite. Tokkelje, improvisearje, elk oan in eigen kûplet wurkje… en dan ûntdekke dat dy losse rigels ynienen naadleas gearfalle yn in waarm, hoopfol liet oer presys dat ûnderwerp dêr’t wy mei begûnen: it libben moat foarút libbe wurde, wylstst der faak pas achterôf sûkelade fan meitsje kinst. Hoe’t it libben him ûnderwilens ek ûntwikkelet – mis dizze trije fan Nederlâns moaiste stimmen net. It kin samar krekt it plak wêze dêr’tst op dat stuit wêze moast. (Achterôf besjoen, dan.)
Pitou
Berne yn Amsterdam, bringt Pitou har klassike eftergrûn as lid fan it Nasjonaal Bernekoar gear mei yntuïtyf sjong- en skriuwwurk. Se stiet bekend om har yntinse live-optredens en waard neamd as ien fan de trochbraak-talinten fan 2023. Har debútalbum Big Tear kaam foar yn ferskate ‘bêste fan 2023’-listkes.
LUWTEN
Tessa Douwstra makket ûnder de namme LUWTEN detaillearre muzyk dy’t ynspiraasje fynt yn har hillige trije-ienheid fan minimal music, r&b en indie folk. Mei har moaie debút en twadde album toerre se troch hiel Europa. Se wurket no oan har tredde plaat, opfolger fan it priiswinnende Draft (winner fan de 3voor12 Award foar Nederlânsk Album fan it Jier).
Naaz
Naaz is in Koerdyske, ûnôfhinklike artyst, berne yn Nederlân yn in migrearjende húshâlding. Yn har wurk mingt se keunstfoarmen en kultueren ta in eigensinnige miks fan Ingelske en Koerdyske alternative muzyk, dêr’t se ûndersiket wat frijheid betsjut foar minsken út de diaspora. Se toerre fjouwer kear troch Europa en wûn û.o. twa Edisons en ferskate filmfestivalprizen foar har bylden.