In wachthokje op it plattelân. Twa frjemden. In bus dy’t mar net komt.
Yn it harkspul Gran Canaria, wie neemt ons mee? folgje wy Gerard en Marcel, twa mannen dy’t inoar treffe by in bushalte krekt bûten it strang leauwige doarp Grafsloot. Wylst se wachtsje op in bus dy’t miskien nea komt, ûntspint him – tsjin wil en tank – in tragikomeedzje oer fêstsitte en yn beweging komme, de illúzje fan in kontroleerber libben en de fraach hoe’tst it no eins dwaan moatst, dat minske-wêzen.
Gerard, in man fan de âlde stimpel, sleept syn ferline mei him mei yn in fersliten plastik tas. Marcel, in finansjeel adviseur dy’t libbet op prognoses en tiidslinen, is stadichoan fêstrûn yn de rekensommen fan syn eigen bestean. Wat begjint as in tafallich treffen, ûntwikkelt him ta it lytst mooglike drama – krekt troch alles wat der nét sein wurdt.
Taal: Nederlânsk
Credits
Koncept en tekst: Nicole van den Berg
Spul: Raymond Muller, Douwe Dijkstra
Rezjy: Eelco Venema
Opname en sound design: Lake Woozoo
Muzyk: Studio Liftmuziek
Produksjonele stipe: Sander Koning, Eva van Netten
Advys: Hanneke Hendrix, Marleen Nagtegaal, Mark Hospers