Genres? Nah – dy kinst gewoan oan gort slaan
NAH – perkusjonist en audiovysueel keunstner út Philadelphia, no wenjend yn Belgje – hat gjin boadskip oan sjenres. Mear noch: hy drumt se mei topsnelheid oan flarden. Foar wa’t dochs graach in list mei yngrediïnten hat: nim DIY punk, noise, avant-jazz, hiphop en tsjustere ambient, smyt it yn in keukenmasine en set ’m op stân tornado. Oant it skom deroerhinne gutst. Voilà – dêr sit sa’n bytsje de enerzjy fan NAH syn live-shows.
Mei net folle mear as in drumstel en in batterij samplers bout er kollazje-eftige tracks dy’t balansearje tusken razernij en boartlikens. Op syn lêste plaat, Totally Recalled, is it “de gekte fan it moderne bestean” dy’t syn paad fûn hat nei syn drumkit. In enerzjike koartsdream op 300 BPM: topsport om te sjen, ûnmooglik om stil te sitten.
“Nah brekt snelheidsrekords sûnder dat it allinnich mar spierballenwurk wurdt. In spektakel om live mei te meitsjen.”
Indiestyle.be