Is it in harp of in tiidkapsule? Wêrom net beide?
De Amerikaanske harpiste Mary Lattimore fettet ferhalen, foarfallen en plakken gear yn útwreide klanklânskippen. Of, sa’t Pitchfork it sa moai seit: “Lattimore wit in snaar te reitsjen op in manier dy’t dy daliks wer de smaak fan de taart op dyn fyfde jierdei yn ’t sin bringt.” Waarm, nostalgysk en soms mei in rûch rântsje. Sa wurke Lattimore ûnder oaren gear mei leden en produsinten fan ikoanyske bands as Sonic Youth, The Cure en Slowdive – en har harpemuzyk giet ek ferbazingwekkend goed tegearre mei reverbgitaren en shoegaze.
De ôfrûne tsien jier hat Lattimore in enoarme hoemannichte komponearre, faak ûnderweis. Bewapene mei net mear as in harp en wat loop-pedalen nimt se dy mei yn dy ûnderfiningen: nei de see, nei in bosk fol dinnebeammen, nei oantinkens oan har famyljehûn Otis. It binne faak ûnderfiningen dy’t feroarje of mei de tiid ferdwine – en krekt dêrom binne se sa moai om foar efkes fêst te hâlden fia muzyk. In perfekte artyst om te belibjen yn de sfear fan in tsjerke of in oare ferburgen pearel yn de stêd. En wa wit slûpt “dat iene optreden yn Ljouwert” op in dei noch as oantinken har komposysjes yn. Dreame mei.
“The sublime Goodbye, Hotel Arkada has a fondness for abstraction, but touches upon something that is very tangible -and very personal. It’s the kind of record you feel welcome to attach your inner monologue, your memories and meanings to.”
– Shindig! Magazine