Literêr winkeljen om de hoeke
De Zinnenfabryk is mear as in winkel; it is in beleanning. By it yngean wurdst begroet troch muorren fol boeken en plafonds fersierd mei swevende papiertjes, en yn ’e kastkes en fakjes fine jo gedichten oer de deistige produkten lykas húshâldartikelen, beautyprodukten, iten en klean. Oeral lizze hânskreaune roltsjes mei rymselske fynsten, klear om mei te nimmen as persoanlike boadskip by kado’s. Achter yn ’e winkel sitte bern om in grutte tafel hinne yn petear mei in wurdkunstner, dwaande mei it meitsjen fan harren eigen Sinterklaasgedicht. By de toanbank wurdt yn ’e tuskentiid it lêste gedicht oer in haardroger ôfrekke.
De Zinnenfabryk is in moanne iepen en biedt alle ynwenners gedichten oan as in kultuerysk einjierkado fan ’e gemeente. Marrit Jellema, de Stadsdichter fan Ljouwert, liedt it projekt en wurket gear mei ferskate lokale wurdkunstners en frijwilligers, dy’t allegear herkenber binne oan harren vintage fabryksoutfit. De winkel is op freed- en sneonmiddeis iepen. De gedichten binne makke troch ferskate wurdkunstners út Ljouwert, yn ferskate talen; Frysk, Liwwadders en Ingelsk. Se hawwe gjin fêste priis mar wurde oanbean op basis fan it pay-what-you-can prinsipe; in klant mei sels bepale wat er of sy it wurdich fynt, en kin misse. Ek is it mooglik om ûnder itselde prinsipe gedichten op maat te meitsjen troch ien fan de wurdkunstners út de Zinnenfabryk.
De Zinnenfabryk is in pop-up poëzjewinkel oprjochte troch Stadsdichter Marrit Jellema, yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert. De winkel wurdt rûn troch Marrit en har team fan wurdkunstners. Jong en âld is wolkom om rûn te snuffeljen tusken kastkes en fakjes fol ferrassende teksten en orizjinele gedichten.
De Zinnenfabryk is iepen op:
Freed 21 novimber fan 12:00 oant 17:00 oere
Sneon 22 novimber fan 12:00 oant 17:00 oere
Talen: Frysk, Liwwadders, Nederlânsk, Ingelsk.