In hoopfolle punkshow oer it kiezen fan dyn eigen paad.
MAHA bringt gjin standertkonsert, mar in poadium foar ferhalen dy’t fierder geane as de mainstream. Berne yn Snits, mei Soedaneeske woartels, fertaalt se har perspektyf nei muzyk dy’t krekt sa ynventyf is as har selsmakke Mahazine.
Mei skurende teksten en punky baslinen makket se in krêftige fersetfûst, foarme troch har ûnderfiningen as swarte, froulike moslim. Tagelyk wit se swiere tema’s yn in enerzjyk en oansteklik jaske te stekken. Dûnsje en tinke tagelyk. Joy as a form of resistance!
MAHA baant har eigen paad en trochbrekt struktueren en oannames. By ien fan har foardrachten dielde se Soedaneeske kofje út, en sels de grutste teeleafhawwers begûnen te twifeljen. Foar wa’t dochs net oerstach giet: har muzyk allinnich al jout dy in flinke shot kafeeïne, hope en joy yn ien.
Oer Maha
Maha is in Soedaneeske multydissiplinêre keunstner, zine-útjouwer, muzikant en model, fêstige yn Nederlân. De ôfrûne jierren hat se harsels opnij útfûn as punkartyst en oprjochter fan Mahazine, in sels útjûne DIY-zine dy’t romte makket foar aktivisme, diasporaferhalen en ynterseksjonaliteit. Maha har missy is om har kreativiteit yn te setten as ynstrumint fan ferset tsjin ûnderdrukking, foaroardielen en labels, én as fiering fan sels-ekspresje en mienskip.
Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Tidens it Oerol Festival presintearret Explore the North binnen dizze Hub, ferspraat oer it eilân, wurk fan talinten dy’t ferbûn binne oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei Podium Explore yn Ljouwert as thúsbasis.
Credits
Konsept, tekst en muzyk | Maha Eljak
Artistike en saaklike stipe | Nora Ali
Ko-produksje | Explore the North & De Popfabryk yn it ramt fan it Fryske talintûntwikkelingstrajekt TWEESPRAAK