Magdalena Collectief - The Pornographic Archive of Clothed Dialogue

Festivalwykein
Podium Explore - Het Loket
Kaartsjes

Dizze ynstallaasje is trochgeand te besykjen yn Het Loket yn Podium Explore op dizze tiden:
Freed 21 novimber – 16:30 – 00:00 oere
Sneon 22 novimber – 13:00 – 20:30 oere
Snein 23 novimber – 13:15 – 23:00 oere

Hot witches putting a spell on you

Yn it Loket yn Podium Explore dûkest tidens it festival mei The Pornographic Archive of Clothed Dialogue fan Magdalena Collectief yn de fergetten taal fan de adult-cinema. Yn dizze fideo-ynstallaasje wurde pornodialogen foár en nei de seks loslutsen út harren oarspronklike kontekst en byinoar brocht yn in found-footage-montaazje. Wat normaal tsjinnet as opfolling of oanrin nei “de aksje”, is hjir it eigentlike ferhaal. Fan zwoele softcorefilms út de jierren santich oant resinte sênes fan “hot witches putting a spell on you”: it wurk ûndersiket wat dizze sprutsen mominten foár, nei en tusken it begearen iepenbierje oer ús omgang mei seks, lust en pornografy yn in tiid dat alles binnen hânberik is.

Oer Magdalena Collectief
It feministysk tinken-en-makken Magdalena Collectief bestiet út Musia Mwankumi, Abigail Gypens, Madonna Lenaert en Maria Magdalena de Cort. Yn 2023 studearren se tegearre ôf oan it KASK Drama mei de foarstelling Do you love her?. Earder bondelen se harren krêften yn de bachelorproef ZOUT (2021), wêrfan’t de soundtrack yn 2022 troch Hoffman útbrocht waard ûnder de titel Salt for Magdalene. Datselde jier lansearren se Pubic Property: in boartlike mar skerpe oprop oan mannen om harren skamhier te donearjen, wêrmei in byldzjend wurk ta stân kaam.
Yn 2024 makken se de found-footage-fideo-ynstallaasje The Pornographic Archive of Clothed Dialogue, opboud út petearen foár en nei seks yn pornografy. De ynstallaasje, begelaat troch in essay oer de paradoks fan pornografy, waard ûnder mear toand op SNOBS #9 yn Gent en tidens de Ensornacht yn Antwerpen. Dêrneist organisearje se moanneblêds Reading Feminism: iepen lêskringen mei feministyske teksten sintraal, folge troch tagonklike petearen en útwikseling mei it publyk.