M Alberto - RADIO VITÓ

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

De klank fan feroaring

Ferset sit faak yn lytse dingen. Yn in wurd, in ritme, in oantinken dat trochjûn wurdt; sêfte beskuldigings dy’t hurd ynslaan. RADIO VITÓ, de nije foarstelling fan M Alberto, is sa’n died fan ferset – mar ek in útnoeging: doarststo dy in radikaal oare wrâld foar te stellen?

M Alberto – berne op Curaçao, wenjend yn Nederlân – is teatermakker, muzikant-poëet en keunstner/ûndersiker. Yn harren wurk klinkt in skerpe krityk troch op koloniale strukturen, en de wil om dy ôf te brekken. It ark dêr’t M mei wurket: fakmanskip (yn in hiele rige dissiplines!) en radikale kwetsberens. Yn RADIO VITÓ weeft M poëzy en ymprovisaasje ta in muzikaal essay-gedicht oer ferset en it ferbyldzjen fan radikale feroaring. Mei in ynternasjonaal ensemble eart M sawol figueren út de Karibyske kanon as ûnbekende stimmen út de wrâldwide skiednis fan ferset.

(…) een organische brij van klassieke improvisatie, inspirerende voordracht, intieme zang en jazzhop, met M Alberto als strijdlustige sjamaan in het middelpunt. – de Volkskrant

Credits
M Alberto – Poetry, Electronics, Saxophone
Lesley Mok – Drums, Percussion
Florian Herzog – Double Bass & Electronics
Yung-Tuan Ku – Mallet Percussion & Electronic Percussion
Thora Sveinsdottír – Viola

Gaudeamus – Productie

Mei mooglik makke troch it Fonds Podiumkunsten.

Beeld credits: @by_pauluz