Kunstenfestival De Broeikas

Podium Explore
Podium Explore
Pay What You Choose

De Broeikas is it keunstfestival fan en foar jonge lokale makkers en de iepening fan de festivalperioade fan Explore the North.

Wat broeit der ûnder de nije lichting keunstners, muzikanten, teätermakkers, skriuwers en spoken word-artysten? Do ûntdekst it op sneon 1 novimber 2025 tidens in nije edysje fan De Broeikas, wêr’t wy broeie, sij, ûntkiemje en ôfoersten.

Oant no ta hawwe we de folgjende makkers fêstlein: Djoeke * Een Gemeen Schaap * (…) Centraal * Ambu Bambu * Kietsune * Berend Moed * Louis Pedro * Lucas Boerwinkel * Byinoar * fantasiafilm * Hannah van der Heide * Odalsvegen * LYS TYGRÉ * Yateesha van Loon * Okki Poortvliet * Marouschka Brian * Yvette Bolder

De kommende tiid meitsje we noch mear makkers bekend. Hjir kinst alle artysten fine.

Kunstenfestival De Broeikas
1 novimber
14.00 – 00.00 oere
Pay What You Choose (€8,50 – €21)
Podium Explore


De Broeikas is in projekt fan Explore the North. Mei tank oan Kultuer Kollektyf (Tryater, Keunstwurk, New Noardic Wave, VHDG en De Popfabryk), Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, Fonds 21, Dioraphte, It Kultuerfûns mede tank oan it Fûns 5, It Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, LOF en It Nije Stads Weeshûs.