Katerbrunch

Festivalwykein Kaartsjes (€10)

…mei in grutte heap pankoeken

Op de lêste dei fan ús festivalwykein – wannear’t jim (padum patsss) hooplik al in hiel soad goede hoop opdien hawwe – organisearje wy yn it Stadshart in stevich katerbrunch. Op it menu: in massive hoop (padum patsss) pankoeken!

No is der al mar min wat hoopfols as it dielen fan in miel. Alhielendal mei lytse eachjes, nei in wykein fol feest en moaie programma’s. En hallo: pankoeken! <3 Kin it nóg feestliker? Jawis: der binne net allinnich HIEL FOLLE pankoeken, se binne ek nochris makke yn alle kleuren fan de reinbôge. En do meist se sels fersiere – mei wurden, sjabloanen, alles passend by it tema hoop.

Net by it festival west, mar wól sin yn in goeie pankoek (of acht)? Gjin probleem: foar dizze vreethoop hoechst gjin festivalticket te hawwen. Yntree: €10. Iten: folle. Geselligens: unbeatber.

Kom dan!

Katerbrunch
23 novimber
11:30 – 13:00
Kaartsjes €10,- (reservearje hjir)
Podium Explore