Wervelstorm fol poëtyske hits
Nei in suksesfolle toer troch teäters binne Kruidkoek en Joost Oomen klear mei sitte publyk. Net sa gek ek, want eigentlik binne de nûmers dy’t se meitsje tige geskikt om op te dûnsjen. Dat is normaal fansels net de bedoeling by poëzij, mar by dizze jonges krekt wol!
Kruidkoek en Joost Oomen makken yn 2017 de muzikale poëzjeshow Vruchtjes Eten. Se spilen de premjêre doe by ús op Explore the North, dêrnei skreau 3voor12: “Ergens docht it noch it meast tinken oan in ûntspoarde bernetelevisyprogram dêrby Joost as in soart Willy Wonka al syn ûnderdanen orkestrearret yn in poëtyske chaos.” Wat folge wie in toer lâns hast elk Nederlâns teäter, shows op Oerol, Noorderzon, de Parade en Lowlands, twa ekstra foarstellings (Tuut tuut kwantumschuim en Liefde in tijden van hopjesvla) en foaral in enoarm reservoir nije nûmers.
De bêste fan dy nûmers wurde no sammele yn in show dêr’tst ûneinich bewege mei kinst. Dus doch wat knibukings as warming-up, ite in banaan of nim noch in slokje, en stûr dy yn de wervelsterm dêr’tst ek noch in duim omheech fan dyn Nederlânske dosint foar krijst.
Tidens Explore the North is in allerearste preview te sjen fan dizze show dy’t yn 2026 yn poppoadia en op festivals te sjen wêze sil.
Het levert een stomende avond op, boordevol muziek en poëzie van vijf mannen die een universum scheppen waar je eigenlijk nooit meer uit wilt. – de Theaterkrant over Liefde in tijden van Hopjesvla
De Makkers
Joost Oomen is dichter, skriuwer en teatermakker. Syn boeken en bondels waarden ûnthâld en nominearre foar ferskate prizen. As teatermakker spile hy, tegearre mei de garagejazzband Kruidkoek, hiel Nederlân plat. Fanút Explore the North is Joost ûnderdiel fan de produksjes Vruchtjes Eten, Tuut Tuut Kwantumschuim, Blabbermouth en LORCA.
Kruidkoek is in ûntspoarde jongesdream. Fjouwer goede freonen fûnen harren muzikale útlûker yn in band dêr’t se sûnder kompromissen en mei sichtber wille harren grinzen opskowe en harren horizonnen ferbreedzje. Dansfideo’s, jazzklups, selsmakke ljochtbakken, popfestivals, dichters, bernetoaniel, striid yn de studio en lachjend yn de toerbus: it liket wol in 90’s MTV reality roadshow.
Sûnt 2014 timmere de jonges stadichoan oan de wei – der waarden 3 EP’s en 3 albums útbrocht en ûnderweis waarden tal fan aventoeren meimakke. Harren eigen miks fan jazz, rock, Tarantinofilms en faak frjemde gedachten waard omneamd ta GarageJazz.
