Jonas Ringtved

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Underwilens yn Denemarken: ‘We’ve got Johnny Cash at home
(en dan echt! en goed!)

Singer-songwriter Jonas Ringtved klinkt as wie er echt opstien út in stoffich maïsfjild yn Tennessee, mar syn woartels lizze yn Aalborg, Denemarken. As bern waard er troch syn heit fereale op de muzyk fan Johnny Cash. Dêr profitearje wy no fan, want Ringtved syn trochlibbe baritonstim past perfekt by melancholyske country en folk.

It libben temjen is him neffens himsels noch net slagge, mar yn syn muzyk fûn Ringtved wol in wize om it by de hoarnen te pakken. De lessen dy’t er opdocht yn syn jeugd en libben yn Noard-Jutlân – mei yngongen guon ruwe episoaden dy’t syn teksten ekstra lading jouwe – diele er kompromisleas en earlik op syn debútalbum Leftover Hippies.

Hoe bliuwst stean by tsjinslach? Dêr wol Ringtved graach in les of wat fan diele mei elkenien dy’t it hearre wol. En leau ús mar: dysels waarmje oan dé nije Deenske country-stim is in poerbêste start foar it kweken fan hoop en ferset.

Dit optreden wurdt mooglik makke troch De Popfabryk, ûnderdiel fan it Excite-netwurk. Dit is in Europees netwurk fan muzykorganisaasjes en festivals dat elk jier in seleksje fan talintearre artysten en bands útwikselje.