Kin in ferhaal immen rêde?
Yn Alleen een Wonder fertelt de Flaamske skriuwer en teätermakker Johannes Lievens oer immen dy’t rêden wurdt troch in kiwiplant, immen dy’t ûnderút giet troch fiif sifers en immen waans libben feroare troch in moeting oan de foet fan de Himalaya. Tegearre mei drummer Orlan Ghekiere is Johannes koartsich op reis, nachtenlang, op syk nei hâldfêst.
Alleen een Wonder is in ode oan de ûnferwachte wending. Kin in ferhaal immen rêde? Johannes siket it tegearre mei dy út. De foarstelling gie yn premjêre op it Explore the North Festival 2025 en is op 18 juny te sjen op it Oerol Festival.
Credits
Tekst en spul: Johannes Lievens
Muzyk: Orlan Ghekiere
Koaching: Johan Petit en Suzanne Grotenhuis
Dekor en ljocht: Tim Clement
Produksje: MartHa!tentatief
Ko-produksje: De Nwe Tijd
Ko-produksje: Perpodium, mei stipe fan de taxshelter fan de Belgyske Federale Oerheid
Yn gearwurking mei: Zomer van Antwerpen
Mei stipe fan: Fonds Nije Makkers fan de Stêd Antwerpen