Kin in ferhaal ien rêde?
Yn Alleen een wonder fertelt de Flaamske skriuwer en toanielmakker Johannes Lievens oer immen dy’t rêden wurdt troch in kiwiplant, immen dy’t ferneatige wurdt troch fiif sifers en immen wien libben feroare waard troch in moeting oan de foet fan de Himalaya. Tegearre mei slachspiler Orlan Ghekiere is Johannes koartsichtich op reis, nachtenlang, op syk nei hâldfest.
Alleen een wonder is in ode oan de ûnferwachte wending. Kin in ferhaal immen rêdde? Twa jier lyn makke Johannes ûnder de vleugels fan Martha!tentatief al De iensume stêd (ek te sjen west op Explore the North). Johan Petit en Suzanne Grotenhuis stienen ek by Alleen een wonder harren skouders ûnder Johannes syn skriuw- en spylproses. Op Explore the North kinst op freed 21 novimber de Nederlânske premjêre fan dizze foarstelling sjen.
Credits
Tekst en spul: Johannes Lievens
Muzyk: Orlan Ghekière
Coaching: Johan Petit en Suzanne Grotenhuis
Dekor en ljocht: Tim Clement
Produksje: Martha!tentatief
Koproduksje: De Nwe Tijd
Koproduksje: Perpodium, mei stipe fan de taxshelter fan de Belgyske Federale Oerheid
Yn gearwurking mei: Zomer van Antwerpen
Mei stipe fan: Fonds nije makers fan de Steat Antwerpen