Op snein 12 april fynt alwer de 5e edysje fan Moving Forward plak. In foarstelling wêryn de fjirdejiers dûnsers fan JDOF útdage wurde om harren artistike en fysike grinzen te ferlizzen yn in gloednije, lange koreografy.
Dit jier is de koreografy yn hannen fan nimmen minder as Juersson Hermanus (earder al te sjen by Explore the North), mei assistinsje fan Grace Hardt.
Yn FOMO (the fear of missing out) litte 8 dûnsers sjen hoe’t se omgean mei de eangst om wat te missen:
Eangst libbet ticht by langstme.
By watst net misse wolst,
by wêr’tst by hearre wolst.
En krekt dêrom kin eangst dy wekker skodzje,
en sjen litte wat foar dy telt.
Neist de koreografy fan de fjirdejiers is der ek in nij stik te sjen fan Ana Sofia Mereiles. Sy makket tegearre mei de dûnsers út it Young Artist program in koreografy oer oantinkens. Wat bliuwt by ús hingjen, en hoe hâldt it lichem dat fêst? Of lit it it krekt los?
Kom de dûnsers fan de takomst bewûnderjen, wy sjogge dy graach op 12 april yn Podium Explore!
Jeugd Dans Opleiding Fryslân – Moving Forward
Snein 12 april
15:30 oere & 20:00 oere
Kaarten (12,50 – 17,50) fia jfod.nl.