Immen

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Herûntdek dyn oandachtsspanne

Immen – de artystenamme fan ‘Fries om útens’ Clasine Haringsma – makket waarme, yntrospektive muzyk oer it libben. Dat libben begûn op it Fryske plattelân, deidreamend yn it gers, mei de bisten op it hiem as selskip. Dy oantinkens spylje in wichtige rol op har debútplaat Nimmen, dêr’t se yn it Frysk en Ingelsk in prachtich klanklânskip delset. Sa’n plaat dêr’t tiid foar nommen is – makke ‘mei it libben mei’ – en dy’tst eins hielendal yn syn gehiel belústerje moatst. Kom dêr hjoed-de-dei noch mar ris om.

Ek live lit Immen sjen dat it leant om keunst stadich pruttelje te litten: sûnder opsmuk, sa echt mooglik. In ferromming yn in tiid fan reels, snelle scoarwinsken, hit-nei-hit-produksjes en one-liners. Harkje nei Immen har ûntwapenjende sang tsjin it dekôr fan de âlde binnenstêd fan Ljouwert en herûntdek dyn oandachtsspanne. Do hast it hurder nedich ast tinkst.