Frino

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Beats! Brabâns! Brûle!

Fanút harren plestiken túnstoel behannelet it Eindhovenske Brabohop-kollektyf Frino de grinttegel-filosofy fan it libben. Wa? Ja, dat is muzyktoaniel, Brabânske hiphop én in kroechferhaal yn ien. En dat allegear yn de taal fan ‘e paradysfûgels dêr’t se sa fan hâlde. Sa as fan in âld-PSV’er dy’t staazje rûn by Jackie Chan, Betsy de marmerkat, en in bodybuilder dy’t syn ûnder-rêch net mear oanreitsje kin sûnder oan de Sovjet-Uny te tinken.

Mei dizze personaazjes hat Frino earder al har segetochten makke lâns festivals as De Parade, Theaterfestival De Boulevard, en Lowlands – en no komme se ús festivalwykein ôfslute yn Podium Explore. En mochtst net út it suden komme en bang wêze datst der neat fan snapst, wit dan:
‘Do ferstiest der gjin moer fan, mar dochs begrypst it hielendal.’

‘Toetsenist Ruben den Brok en rapper Koen Frijns zetten sterk in op typisch Brabants absurdisme, waarbij ze lekker de draak steken met zichzelf (…). Frijns en Den Brok weten een ideale combinatie van bravoure en zelfspot te treffen en winden het publiek met gemak om hun vingers.’ – NRC