Seit alles neat of seit neat alles?
Stofkruimels en Brooddeeltjes is in dadaïstyske poëzyfoarstelling oer it lytse mei grutte wearde en it grutte mei lytse wearde. Fan it grutte gehiel nei it ûnmisbere lytse diel. It ûnsichtbere alles en it net te missen neat. Aksje en reaksje fan lyts nei grut en oarsom. De drip yn in heafoarke en de nulle yn ’e see. Hokker wearde hawwe de dingen? Seit alles neat of seit neat alles?
Erik lit dy op it Explore the North Festival in foarpriuwke sjen fan de foarstelling. By dizze foarstelling heart ek de lykneamde bondel, dy’t takom jier ferskine sil.
Oer de makker
Erik de Boer is in dadaïstysk wurker. Hy makket freonlik ferfrjemdzjende dingen, om sa de waan fan ’e wrâld en it deistige in foarm en in plak te jaan. Mei in krityske knypeach en earnstige humor soarget er foar ferrikjende ferbylding en treastjende betizing.