Erik de Boer – Bondelpresintaasje

Podium Explore
Podium Explore

Der komt in nije bondel fan Erik de Boer!

De offisjele presintaasje is pas takom jier, mar op 17 oktober krijst alfêst in unyk foarpriuwke by in ludike pre-bondelpresintaasje. 

Hoewol’t de nije bondel noch net ferskynd is, nimme wy dy dizze jûn mei yn ’e wrâld fan de poëzij mei in rike samling oare bondels. Do krigest in blik yn ’e keuken fan Bram Zielman, Richard Nobbe, Gabrielle Terpstra en Jan Ketelaar, dy’t sawol wurk út har eigen repertoire as poëzij fan oare dichters presintearje. De muzikale omlisting komt fan Jankobus Seunnenga.

Dêrneist jout Erik in earste ynsjoch yn syn kommende bondel Stofkruimels en brooddeeltjes, dy’t takom jier offisjeel útkomt. By de lansearring heart ek de lyknammige foarstelling dy’t yn novimber spile wurdt op it Explore the North Festival.

Erik de Boer – Bondelpresintaasje
17 oktober 2025
Start: 20:00 oere

Ein: 22:30 oere
Entree: Gratis

Diner yn it kafee
Do kinst ek eltse freed telâne foar in hapke en in drankje tusken 17:00 en 00:00 oere. Dus ast foarôfgeand dinerje wolst yn ús 100% fegetarysk kafee, kinst hjir alfêst reservearje. En der is selsmakke lekkers te krijen by de bar as brânstof foar de jûn.