Oer barre lânen en paradizen
In swarttearre fiskershûske mei in túnke, rjocht neist in kearnsintrale op in treasteleas kiezeltstrân – op dat plak luts filmmaker en keunstner Derek Jarman (1942–1994) him werom yn de lêste jierren fan syn libben. Tusken stien en wyn begûn er dêr in tún. Kinsto wat bloeie litte op in plak dêr’t neat bloeie liket te kinnen?Foar har nije foarstelling zee-tuin-jarman lit teatermakker Elvis de Launay har ynspirearje troch Jarman syn libben en syn deiboek Moderne natuur, mar ek troch oare grutte stimmen út it ferline – fan The Waste Land fan T.S. Elliot oant Paradise Lost fan John Milton. Oer bar lân en paradizen, oer dea, libben en alles dêr tuskenyn: De Launay ferhâldt har ta dy grutte tema’s fia legindaryske foargongers en jout dêr in eigentiidske draai oan. In beloftefol talint dat wy graach wolkom hjitte mei nij wurk dat perfekt past by ús festivaltema: hope!
Elvis de Launay is teatermakker, akteur en skriuwster. Yn 2024 studearre se ôf oan de Toanielskoalle yn Arnhim mei har foarstelling Cowboy och Meisje, en rûn staazje by Maas Theater en Dans en Wunderbaum. Yn 2024–2025 is se ûnderdiel fan it talintprogramma fan Het Veerhuis. Har skriuwen is persoanlik, ûndersykjend, poëtysk en altyd fiede troch in rike miks fan boarnen. Har sobere ynsenaasjes lizze de fokus op fertelling en taal, en biede romte foar de ferbylding fan de taskôger.
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan it trajekt OPROER
OPROER is in gearwurking fan ferskate Nederlânske produksjehûzen: Likeminds, Podium Bloos, Werkplaats Walhalla, Karavaan, VIA ZUID, Theater de Generator, De Nieuwe Oost, Grand Theatre en Explore the North. OPROER set him yn foar mear kânsen foar begjinnende makkers, en wurdt mooglik makke troch it VriendenLoterij Fonds, mei tank oan in ekstra skinking fan de VriendenLoterij.