Eline de Vries - SRV (van de toekomst) (preview)

Festivalwykein
Museum de Grutterswinkel
Kaartsjes

Underdiel fan ús Kruipdoorsluipdoor-programma. Meer info.

Sneon 22 nov 13:00 & 14:00 oere
Snein 23 nov
13:00 & 14:00 oere

Taal: Nederlânsk

Us feroarjende relaasje mei iten, mienskip en omtinken
Stap binnen yn it Grutterswinkeltje foar in preview fan SRV (fan de takomst), it Station Noord-projekt fan teatermakker Eline de Vries. Har pake, ien fan de lêste SRV-mannen fan it Noarden, is har ynspiraasjeboarne. Mei syn riden winkel brocht er net allinnich molke en jam, mar ek gesellichheid en in lústerjend ear. Wat seit it ferdwinen fan de SRV-man oer ús feroarjende relaasje mei iten, mienskip en omtinken?

“As bern wie de SRV-wein fan pake myn favorite plak. In smel gongpaad fan sa’n alve meter lang, fol mei omtrint trijehûndert oersichtlike – faak lokale – produkten. Tusken de pakken molke ûntstiene petearen en brocht pake mear as allinnich de boadskippen. Tsien jier lyn makke er syn lêste rûntsje. Yntusken is dit deistige ritueel ferfongen troch sels-skan-kassa’s en einleaze keuzes yn anonime supermerkgongen. Wy iten flugger, effisjinter, mar reitsje hieltyd fierder fan wêr’t wy eins ite; en fan inoar.”

Eline de Vries, dy’t it makkerstrajekt Station Noord folget, wurket gear mei Afke Manshanden. Fan romtlik ûntwerp oant in duorsume ytbere wyldernis – Afke wol in brêge slaan tusken romtlik ûntwerp en de natuer. Tegearre sitte se yn de earste faze fan harren ûndersyk en jouwe se yn dizze preview in earste ynkijkje yn harren proses.

It Grutterswinkeltje is de perfekte lokaasje. Hjir komme ferline en hjoed gear: in ode oan fakmanskip, mienskip en it stadige tempo fan omtinken.

Byld: Afke Manshanden