Dylan Nieuwland - Nul

Podium Explore Pay What You Choose (€6-€16)

In weardeleaze foarstelling

Berne út it baarnende minderweardichheidskompleks fan in mbo-teatermakker. NUL is in multymediale foarstelling oer in urgint, mar ek persoanlik en djip filosofysk tema. Wat is dyn wearde as keunstner foar de maatskippij? Hoe oerlibbest yn in wrâld dy’t dy pas serieus nimt as ast de goede papieren hast?

Twa akteurs wrakselje har – ferbûn yn in leafdesrelaasje – in paad troch de keunsten, mjitbere wearden en de ynfloed dêrfan op harren selsbyld en partnerskip. Is it fjochtsjen tsjin de bierkaai ast gjin breed netwurk en freonen oerholden hast oan dyn ‘legere’ oplieding? Wat is dyn plak yn in maatskippij dy’t dyn wearde ôfmet oan status en sukses? NUL is in rauwe absurdistyske teaterfoarstelling oer in maatskippij dy’t mjit, weaget en ferdielt.

‘Do kinst ek wat oars gean dwaan
Wat mei fakmanskip
Strjitmakker, bakker of kraanmasinist
Giest in heftrucksertifikaat helje
Dan kinst yn in pakhûs wurkje
Doch mar wat nuttichs mei dyn libben
Doch mar wat Weardefols …

De wearde fan NUL

Mei dizze foarstelling hopet Dylan in grutter tema yn ’e maatskippij bleat te lizzen: wat Dylan en syn akteurs yn ’e teaterwrâld fiele, wurdt yn ’e rest fan it lân ek field. Binne der net folle te folle ûnsichtbere muorren en labels, dêr’t wy ûnnedich folle wearde oan takenne yn ’e maatskippij, en dy’t de kloften tusken klassen allinnich mar grutter meitsje? Binne wy net ûnmerkber oan it ôfgliden nei in westerske, kapitalistyske, neoliberale klasse-apokalyps? Faaks mar better werom nei nul, dêr’t neat metten wurdt.

Dylan Nieuwland

Dylan Nieuwland is in nije Leidse makker mei in skerp each foar sosjale ûngelikens. Earder makke er How to be a (Wo)(Man)Heet Spul, organisearre er it NUL-Festival oer syn weardeleazens as keunstner en blies er in breed Leids publyk oant yn ’e iere moarntiid fuort yn de techno-rave-club-nacht-teater-performance-crossover I DONT FCKING KNOW CLUB*. Fan 2024 oant 2027 hat er it Leids Makersstipendium krigen en is er as makker ûnder oare ferbûn oan Theater De Generator. Fanút syn mbo-teaterachtergrûn besiket er him in paad te banen yn ’e heger oplate teaterwrâld, en docht er mei syn wurk in besykjen om de sprong oer de klassekloft fan ferskillende diploma’s en eftergrûnen hinne te meitsjen.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan it trajekt OPROER. Oproer is in bondeling fan krêften fan ferskate produksjehuzen yn Nederlân: Likeminds, Podium Bloos, Werkplaats Walhalla, Karavaan, VIA ZUID, Theater De Generator, De Nieuwe Oost, Grand Theatre en Explore the North. Oproer set him yn foar mear kânsen foar begjinnende makkers, op syk nei spylplakken en publyk. Oproer wurdt mooglik makke troch it VriendenLoterij Fonds, mei tank oan in ekstra skinking fan de VriendenLoterij.