Gefoelich, fernijend wurk fan Virginie Loveling nei it hjoed oerset
Wat bart der as trije jonge skriuwers beslute om Virginie Loveling – in hast fergetten Flaamske skriuwster – wer ta libben te bringen? Ien wurd: heartbreak. Yn harren foarstelling De Virginie Loveling Heartbreak Show wurde de herten fan Mees van Rijswijk, Johannes Lievens en Marieke Ornelis brutsen troch ferkearde jonges, mommy issues, de natiesteat, zombies en oantinkens dy’t mar net ferjitten wurde wolle. Yn in miks fan ferhalen, lietteksten en poëzy dûke de makkers – dy’t tegearre it kolletyf Drie Dagen Fris foarmje – yn de literatuerhistoarje én yn harren eigen grappige, tsjustere en ultrageheime dateferline.
Yn har roman Een Revolverschot (1911) beskriuwt Virginie Loveling (1836–1923) hoe’t twa susters yn in yngewikkeljend leafdesspul troch deselde man fersile reitsje – en him úteinlik fermoardzje. It ferhaal oer machtsstriid, famyljebannen en geweld tusken de seksen klinkt hjoed-de-dei aktueller as ea. De Virginie Loveling Heartbreak Show is in besykjen om it gefoelige, fernijende wurk fan Loveling yn in frisse kontekst nei it no te bringen. Want: stjoere wy hjoed-de-dei net noch altyd stiekem sexy berjochtsjes? En kinne wy net ûneinich genietsje fan ús leafste besjen yn de trein? Binne wy net noch altyd ree om alles te jaan foar de leafde – oant de dea ús skiedt?
Under de namme DRIE DAGEN FRIS liede literêre makkers / muzikanten Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens in jier fan eksperimint yn. Troch middel fan residinsjes én foarstellingen leare se inoar kennen, ferkenne se poadiumliteratuer yn al har foarmen en geane se de dialooch oan mei oare poadiummakkers.
Credits
Fan en mei Marieke Ornelis, Mees van Rijswijk en Johannes Lievens | Yn gearwurking mei Explore The North, vonk & zonen, CC Brugge, Oerol, MIMIK, Het Nationale Theater en STORMRAM | Produksje: Sander Koning | Fûnsenwerving: Janneke De Boer | Marketing: Merel Hoekstra & Mathé Többen | Foarmjouwing: Niels Lunter | Mei tank oan: Pim Cornelussen, Eva van Netten, Mark Hospers, deBuren, Het Entrepot, Mira Van Damme en Brugs Food Lab.