Oarloggen hjir, natuerrampen dêr.
It liket hast wol oft de hiele wrâld yn ’e brân stiet! Gelokkich is der dan altyd noch de leafde. Hoewol, ek dêryn kin it der aardich heftich oan ta gean. De Amerikaanske sjongeres Pat Benatar hie yn 1983 net om ’e nocht in grutte hit mei it nûmer Love is a battlefield.
Mei de terapy-popproduksje 12 dates, 13 ûngemakken rjochtet poadiumkeunstner Douwe Dijkstra syn pylken op it hjoeddeiske relaasje- en datinglânskip. Want wat binne no de yngrediïnten foar in goede relaasje? Hoe komst troch in skieding sûnder dysels of dyn partner wat oan te dwaan? Of hoe krijst dyn oare helte waarm foar in iepen relaasje? Yn 12 dates, 13 ûngemakken behannelet Douwe, dy’t ek noch as psycholooch ôfstudearre is, dizze en oare fragen yn de wrâld fan de guns en de roses.
Neiprogramma
Nei de foarstelling kinst noch lekker dûnsje of tongje op de leafdes-dj-set fan DJ BernOzi yn it kafee.
”12 dates, 13 ûngemakken” is in produksje fan Popfabryk en mooglik makke troch Gemeente Ljouwert. Foar de muzyk en it kampanjebyld is gearwurke mei Jos Blomsma. De rezjy is yn hannen fan Zen Roorda.
Douwe Dijkstra – 12 dates, 13 accidents
Freed, 24 oktober
20:30 oere – 23:00 ere
Pay What You Choose (€11 – €26)
Taal: Nederlânsk
Diner yn it kafee
Do kinst ek eltse freed telâne foar in hapke en in drankje tusken 17:00 en 00:00 oere. Dus ast foarôfgeand dinerje wolst yn ús 100% fegetarysk kafee, kinst hjir alfêst reservearje. En der is selsmakke lekkers te krijen by de bar as brânstof foar de jûn.