Dit programma is op elke festivaldei te sjen mei seis oare skriuwers en teksten. Hjirûnder sjochst de yndieling. Dit binne de tiden en lokaasjes:
Freed 21 novimber – De Lutherske Tsjerke – 21.30 – 22.15 oere
Sneon 22 novimber – De Lutherske Tsjerke – 18.30 – 19.15 oere
Snein 23 novimber – De Lutherske Tsjerke – 14.30 – 15.15 oere
Fan in zendmast oant de pit fan in útrûge pearsesoart
Literêr talint omsingelt de stêd Ljouwert. Wêr komst út as’st fanút in ‘fixed position’ op de grins tusken stêd en omkriten om dy hinne sjochst? Wat sjochst as’st dy yn alle diminsjes om dyn as draaie meist? Do bist hjir, mar wat betsjut dat eins? Wa wurdt hjir oansprutsen? Wat is hjir eins?
Achtjin jonge taalmakker(s) dy’t dit jier meidienen oan de skriuwresidinsje fan deBuren krigen elk in koördinaat oan de râne fan Ljouwert tawiisd. Achtjin koördinaten dus – en achtjin artistike ynterpretaasjes. Elk út harren eigen unike posysje seagen de makkers de wrâld yn, lieten harren prikkelje troch wat yn it each foel en giene dêrmei oan ’e slach yn harren eigen artistike taal. Se skreaunen koarte, krêftige teksten mei as reade tried de wurden: Do befynst dy hjir.
Fan in zendmast oant de pit fan in útrûge pearsesoart, in pirateboatsje of it materiaal fan it dykflak, boaiemdelgong of in tafallige passant op Google Street View: de ynspiraasje dy’t se by harren koördinaat fûnen is like ferskaat en ferrassend as de gedichten en koarte ferhalen dy’t dizze jonge makkers skreaunen.
Tidens Explore the North drage dizze 18 oanstoarmjende talinten út Flaanderen en Nederlân harren teksten oan dy foar. Op trije mominten yn it festivalprogramma ûntdekst eltskear seis auteurs.:
Freed 21 novimber
- Ayoub El Ouali – Geen plek voor oud eikenhout
- Jeanne Verwee – een oefening voor recreanten
- Maria Magdalena de Cort – Beton en asfalt hebben andere hechtingsstijlen
- Joshua Snijders – Flesjespost
- Lars Meijer – Tochtig
- Zoë Dankert – gedicht van de woningnood in de hounspolder
Sneon 22 novimber
- Marlena Tokarska – swing
- Mirthe Wouters – Opdrogen
- Rojda Yavuz – Wolkenkrabbers bestaan niet
- Faye Schumacher – Een goed bommetje
- Jane Stuhlmacher – Mooie Neeltje en de lakei
- Rahman Qul – file in Fryslân
Snein 23 novimber
- Maarten Jochems – magia continua manuum
- Mayada Srouji – In uw hoofd was ik allang dood
- Alisa Noa Bloemendaal – Memory Foam
- Eelke Veltman – Deine meid
- Matthijs van Rumpt – Slagbomen dalen automatisch
- Sanne Lolkema – hier daalt de bodem
De auteurs
Alisa Noa Bloemendaal, Ayoub El Ouali, Eelke Veltman, Faye Schumacher, Jane Stuhlmacher, Jeanne Verwee, Joshua Snijders, Lars Meijer, Maarten Jochems, Maria Magdalena de Cort, Marlena Tokarska, Matthijs van Rumpt, Mayada Srouji, Mirthe Wouters, Rojda Yavuz, Rahman Qul, Sanne Lolkema en Zoë Dankert. (Mear ynformaasje oer dizze makkers)
Se dienen mei oan de skriuwresidinsje fan deBuren yn 2025, in talintûntwikkelingstrajekt foar taalmakker(s) oant 30 jier út Flaanderen en Nederlân. (Lês mear oer de skriuwresidinsje)
De 18 teksten ferskine yn in spesjale edysje fan it literêr tydskrift Kluger Hans. Besikers fan dit programma krije in eksimplaar fan dat nûmer mei nei hûs.
Spesjale edysje fan tydskrift Kluger Hans
De 18 teksten wurde publisearre yn in spesjale edysje fan it literêre tydskrift Kluger Hans. De besikers fan dit programma ûntfange in eksimplaar fan dit nûmer. De 18 teksten wurde publisearre yn in spesjale útjefte fan literêr tydskrift Kluger Hans – in boarplatfoarm foar opkommend talint yn wurd & byld. Se wurde omliste mei nij wurk fan twa âld-skriuwresidinten: Aya Sabi en Obe Alkema. As peetâlden nimme sy dit nûmer ûnder harren wjukken en skreaunen elk in tekst wêryn se út harren skriuwerskip wei reflektearje op it tema Jo binne hjir. Ek ûntdekst yn dizze spesjale útjefte wurk fan byldzjend keunstners Thomas Verstraeten en Eline Vansteenkiste.
Mear oer Kluger Hans fynst hjir.
Jo binne hjir is in gearwurking tusken deBuren, Kluger Hans en Explore the North.