De Toegift bliuwt mar jaan
Twa jier lyn wie dêr ynienen De Toegift. En hoe. Harren nammeleaze debútalbum krige loovjende resinsjes yn lanlike kranten, en neffens 3voor12 spilen se de bêste show fan Noorderslag 2023. Dêrnei brochten de Seelanners harren melancholike muzyk mei poëtyske teksten nei poppoadia en festivals troch hiel Nederlân en België. Nei sa’n binnenkomst kinst as band maklik trochbouwe yn deselde styl. Mar De Toegift is – gelokkich – dêr krekt te eigenwiis foar.
Op harren meast resinte album Kleine auto, grote hotwheel eksperimintearret de band mei nij ynstrumintarium – fan fioel oant dwersfluit en elektroanika – én mei taal. Njonken Nederlânsktalige nûmers hat De Toegift 2.0 ek in Gryksk ferske yn it repertoire: Ýparxi, prachtich songen troch fluitiste Carmela Michailidis. Dêrneist bliuwt de band parels fan teksten hearre litte: bygelyks oer in neurotyske syktocht nei in dekbêd yn in meubeltydskrift út de jierren ’90, of oer wat leafde wêze kin as men har hielendal jout.