In komyske, muzikale en psychedelyske syktocht nei ynspiraasje
Nei it súkses fan de foarstelling LORCA, oer de Spaanske dichter Federico García Lorca, dûke de Poezieboys en dichter Joost Oomen no yn de wûndere wrâld fan ynspiraasje. Elkenien krijt der wolris mei te meitsjen, oftst no boekhâlder, dakdekker of keunstner bist. Soms krijst, sa’t se dat sa moai sizze, ‘de geast’. Keunstners hingje hiele libbens op oan dit glibberige, nevelige, net fêst te gripen ding. Yn GEESTEN geane de Poezieboys en Joost Oomen op syk nei dat ding, nei dy geast – en dat dogge se yn harren karakteristike dolle en faak hilaryske spylstyl, fol fleurige assosjearjende tinksprongen, muzyk en ûnferwachte wendingen.
Wat is ynspiraasje? It liket in saai proses. In dichter stiet út it finster te sjen en skriuwt wat oer in fûgel. Mar in dichter stiet heus net altyd út it finster te sjen om ta ynspiraasje te kommen. Hoe wurket dit? Wêr komt it wei? En wêrom slagget it by de iene wol en de oare net? Is der yn de hjoeddeiske, sa strang kontrôleare maatskippij eins wol romte foar sa’n ûngrypber ding as ynspiraasje? Hokker moaie dingen ûntsteane der as wy alle kontrôle loslitte?
Guon dichters leauwe dat ynspiraasje fan bûten harren sels komt – fan marsmantsjes, geasten of skimen dy’t poëzij trochjouwe. It is de taak fan de dichter om dizze bûtenierdske taal sa goed mooglik oer te setten nei poëzij. Mar as de dichter inkeld in trochjouwer is, wa draacht dan de ferantwurdlikens foar wat der op papier stiet? Yn GEESTEN ferkenne de Poezieboys en Joost Oomen dizze mysterieuze krêften mei humor, fernúvering en in flinke doasis spylwille.
Taal: Nederlânsk
(…)een hilarische, niet na te vertellen show waarin een hele boekenkast aan dichters voorbijkomt, zeer inspirerend (…) – Trouw ****
Een listig-hilarische zoektocht naar het fenomeen inspiratie. – Cornald Maas(…)een voorstelling die je niet wil missen (…) een feest van absurdisme en taal – NRC ****