In poarsje hoop yn dyn needpakket
Wat bart der as wy ‘gekten’ net fuortstopje, mar besykje har te ferstean? Tidens ús festival giet wer in gloednije foarstelling yn premjêre, ûntstien yn de Ferwûnderkeamer – de jierlikse residinsje fan it Flaamsk-Nederlânske hûs foar kultuer en debat fan deBuren en Explore the North, dêr’t Flaamske en Noard-Nederlânske makkers inoar moetsje en tegearre nij wurk meitsje.
Dit jier krije de dielnimmers it boek De lêste dagen fan de doarpsgek fan Anne Goaitske Breteler as útgongspunt. De doarpsgek as bûtensteander, spegel, barometer; immen dy’t operearret oan (of oer) de râne fan wat as ‘normaal’ jildt. Skûlet der yn it ûnregelmjittige ek wat hoopfols? Fan 15 o/m 19 septimber 2025 geane nije Flaamske en Noard-Nederlânske makkers yn Ljouwert mei dizze fragen oan ’e slach. De fruchten fan de gearwurking wurde – neffens goed gebrûk – foar it earst presintearre op ús festival.
Dat dat ta wa bysûnders liedt, bewees ferline jier De herontdekking van Ella Wassenaar fan Mona Thijs, Zindzi Tillot Owusu, Charlotte Westra en Jaimy Hindriks. In foarstelling dy’t trochreizge fan de Ferwûnderkeamer nei Antwerpen en dizze simmer op Oerol stie. Ek it kollektief Drie Dagen Fris ûntstie út in fruchtbere residinsje yn Ljouwert. Ek dit jier jildt: de Ferwûnderkeamer stoppet in portie hoop en frisse stimmen yn dyn needpakket!
Taal: Nederlânsk
Oer de makkers
Francesca Birlogeanu (2002) studearret genêskunde en skriuwt proaza en poëzij. Yn 2022 die se mei oan it CBK Poetry Slam en yn ’e simmer fan 2023 gie se mei deBuren op skriuwresidinsje nei Parys. Har poëzij is te finen yn o.a. Kluger Hans, Deus ex Machina, Het Liegend Konijn, op websiden lykas DIG en Hard//Hoofd, en op poadia lykas Dans Dichter Dans, de Nijmeegse Poëzienacht, it Antwerpen Queer Arts Festival en it TILT festival. Yn har wurk ûndersiket se graach lichemlikens yn al har foarmen en test se de grillige grinzen tusken seksualiteit, spiritualiteit, it kognitive en it sensoriële. Francesca wennet yn Leuven, tegearre mei har boeken, heal-ôfmakke keunstwurken en plantebern.
Ellis Meeusen studearre earst fjouwer jier genêskunde foardat se nei de toanielskoalle gie. Se is spiler, teatermakker, dosint en skriuwer. As skriuwer publisearre se proaza yn Das Magazin, poëzij yn de klimaatdichtbundel Zwemlessen voor later en teater by De Nieuwe Toneelbibliotheek. Se gie op residinsje nei Parys foar deBuren en mei de trein troch Europa foar Passa Porta en Europalia. De lêste seizoenen toerde se troch Flaanderen mei eigen foarstellingen Faren, Eerst en Vitrine, en de foarstelling (v) fan De Nwe Tijd. By datselde selskip skriuwt se ek alle moannen mei foar de Maandagavonden, tegearre mei Suzanne Grotenhuis en Freek Vielen. Komjend seizoen makket se foar it earst in foarstelling foar jong publyk: confetti, mei Aline Nuyens en Sander Salden.
Hannes Schievink is in Fryske yllustrator en keunstner dy’t him dwaande hâldt mei it ûndersykjen en kommunisearjen fan it teatrale, it lichemlike en it mystike troch tekeningen, tekst, ynstallaasjes en performances. Altyd op siik nei it bombastyske en it wierachtige.
Sybren van der Velde (Den Haag, 2001) is in Britsk-Nederlânske keunstner, grutbrocht yn De Rottefalle. Yn 2024 studearre er ôf as performer oan de Toanielakademy yn Maastricht. In grut part fan syn wurk giet út fan hypernostalgia – in djip sentiminteel langstme nei in plak, tiid of momint, yn ferline of takomst. Hy fergruttet of fetisjearret dy gefoelens yn it deistige libben en syn artistike praktyk. Hy freget him ôf oft sokke gefoelens allinnich persoanlik binne, hoe rekber se binne, en oft it mooglik is te langjen nei in tiid of plak dy’t men sels nea meimakke hat. Hy besiket dy gefoelens te kanalisearjen ta lânskippen, to cushion the homesick and the ones lost in time.