Company Marte Boneschansker - OPSTAND

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes
Ontdek de rebel yn dysels


De wrâld stiet yn fjoer en der stiet in protte op it spul. Foar de teatrale audio-foarstelling OPSTAND praat toanielmakker Marte Boneschansker mei ferskate minsken dy’t yn ferzet komme. Klimaatactivisten, feministen en antyrasisme-striders, mar ek anarchisten en lilke boeren. Wat beweecht harren om yn aksje te kommen? Fan massademonstraasjes oant lytse, stille protesten: ferzet is ûnderdiel fan ús minske wêzen.

OPSTAND is in kollektyf oefening yn ferzet. In hoopfol besykjen om it stille midden yn beweging te krijen. Wa foarmet de tsjinmacht? Wannear sisst do nee? Untdek de rebel yn dysels tidens dizze immersive foarstelling oer ferzet, hoop en stean foar dyn idealen. Do hast ynfloed. It hat sin. Give a damn.

‘Boneschansker laat je niet alleen nadenken over verzet, je voelt ook de opstandeling in je naar boven komen. Opstand is indrukwekkend en levert na afloop lange gesprekken op over welke plek verzet in je leven inneemt.’ De Volkskrant ★★★★

Over Company Marte Boneschansker
Company Marte Boneschansker makket ûnderfiningstheater basearre op dokumintêr materiaal. Bewapene mei in mikrofoan en ûnder lieding fan Marte Boneschansker & Chris Belloni ûntwikkelet it gezelschap intime, fysike audiowerken dy’t tusken teäter en ynstallaasje yn steane. Earder wurk wie de BLOOS-trilogy (2018-2023), ROUW (2022) en SCHADUW (2024).

Credits
Concept en regy: Marte Boneschansker
Saklik lieding: Chris Belloni
Utfiering: Alidtcha Binazon, Erwin Boschmans, Marley Braaf, Nina-Elisa Euson, Simone Giel en Vincent Brons
Muzyk: Rory Ronde
Scenografy: Geartsje van der Zee
Ljochtûntwerp: Floriaan Ganzevoort
Dramaturgy: Vincent Brons
Regy-assistinsje: Honey Eavis
Technyk: Albert Jan ten Napel, Thomas Myrmel
Dekorbou: Merijn Versnel
Coupeuse: Syl van Duyn, Sandra Menting
Nagesprek: Honey Eavis, Shayne McCreadie
Grafysk ûntwerp: Zuzanna Loch
Publisiteitsbyld: Thomas Teun Meijer, Bowie Verschuuren
Produksje: Silvie Konings
Publisiteit: Maartje Hagar Treep
Community: Shayne McCreadie
Trailer: Bowie Verschuuren
Curatoren Het Jaar van Verzet: Rory Ronde en Didi Kreike
Mei tank oan alle minsken dy’t wy sprutsen, de leden fan it Jaar van Verzet
Mede mooglik makke troch it Fonds Podiumkunsten, AFK (Amsterdams Fonds voor de Kunst), VriendenLoterij Fonds en VFonds.