Collectief Teder - Cornflakes, No Pornflakes

Festivalwykein
Restaurant Baylings (yngong oan de Bagijnestraat)
Kaartsjes

Underdiel fan ús Kruipdoorsluipdoor-programma. Meer info.

Snein 23 novimber om 12:30 en 13:30 oere

Taal: Nederlânsk

De grinzen fan it bespreekbere

Kensto dy ikonyske cornflakes mei de griene haan? Wat as wy dy ferteld hiene dat dit ûnskuldige moarnsiten ea betocht waard as ûnderdiel fan in anti-masturbaasjekampanje? Yn Cornflakes, No Pornflakes dûke Collectief Teder (Isa Zwart & Clé Delphi) yn de opfallende skiednis fan dit moarnsiten-ikon en ûndersykje se de taboes oer seksualiteit en genot.

Fan roddels op it skoalplein oant ûnfoarstelbere chatpetearen yn Habbo Hotel – seksuele ideeën ûntsteane oeralt. Mei mearstimmige sjonge, elektronyske klanken en in flinke dosis humor diele Isa en Clé harren kwetsbere ferhalen en daagje se it publyk út ta refleksje, ûntroering en in laitsje.

In foarstelling dy’t de grinzen fan it bespreekbere opsoekt en de ynfloed fan seksuele taboes yn it ljocht stelt. Cornflakes, No Pornflakes lit dy net allinnich oars nei Kellogg’s sjen, mar ek nei dyn eigen ideeën oer seksualiteit. Ien ding is wis: nei dizze foarstelling sil dyn moarnsiten nea wer itselde smakke!

Credits
Concept, muzyk, spul: Clé Delphi en Isa Zwart
Dramaturgyske coaching: Elise de Leede
Eindregy: Silke van Kamp
Dramaturgy: Babette Kalker
Muzykale stipe: Siebe de Vries
Styling: Studio Hiem
Foto: Maarten Bijster
Edit: Poeka Boland

Mei tank oan Poplab Drenthe, Norma Fonds, Station Noord, Posttheater en Loods13

Dit projekt is ûnderdiel fan de Station Noord Hub, dêr’t Explore the North eltse jier talintfolle makkers út dit netwurk presintearret binnen de festivalperioade.

Collectief Teder is it feministe muzykteatercollectief fan Clé Delphi en Isa Zwart. Bewapene mei mearstimmige sjonge, elektronyske muzyk en skerpe humor dûke se yn taboes en misogyne struktuer. Harren foarstellings binne direkt en ûntwapenend, wêrby’t persoanlike ûnderfiningen de basis foarmje foar sawol ûntroering as skerpe refleksje.

Se kombinearje humor mei pynlike realiteit en sykje de grinzen fan it bespreekbere op. Se spilen op festivals as Karavaan en Hoogte80, wûnen de Heij Konijn Award en meitsje sûnt 2025 diel út fan Station Noord. Dizze simmer tourje se mei Cornflakes, No Pornflakes oer de taboes rûn seksualiteit en genot.www.collectiefteder.nl