Bundelpresentatie 'Rode Runen'

Festivalwykein
Podium Explore (Café)
Kaartsjes

Pionjearjende froulike stim
Ella Wassenaer gong as ien fan de pear froulike Fryske dichters it eksperimint oan yn de fyftiger jierren. Se wie net allinnich as foarmvirtuoos in wiere pionier, mar ek in dichter pur sang dy’t de frou as ûnderwerp sintraal die trochsette yn in sterk gepaternaliseare Fryske omjouwing. No fiere wy tegearre mei in protte jonge makkers dizze wichtige stim. Dit dogge wy net allinnich mei dizze bundelpresintaasje, mar ek mei De Herontdekking van Ella Wassenaer.

De ikonyske bondel reade runen (út 1959) fan de Fryske, pionjearjende dichter Ella Wassenaer is foar it earst oerset fan it Frysk nei it Nederlânsk troch Zindzi Tillot Owusu. Wassenaers wurk is dêrneist foarsjoen fan djipgeande mar ek ljochtsjende essays fan Albertina Soepboer, Maria Barnas, Elisa Demarré, Annelies Verbeke en Sophia Blyden. Fiere dizze herontdekking fan Ella Wassenaer mei ús mei en kom nei de bundelpresintaasje!

In gearwurking tusken Explore the North en fêste partner deBuren (Flaams-Nederlânsk hûs fêstige yn Brussel).

Boekomslach: Stijn Dams