Moto kin net kieze tusken sêft en rau; piano of beats. Kinne dy noch troch ien doar? Kin hiphop yn it teäter?
Yn syn show yn it West-End Theater bringt Alexander Moto hiphop sûnder konsesjes nei it teäter. Jierrenlang makket er as multydissiplinêr keunstner muzyk yn allerhanne stilen en keunst yn alderlei foarmen. Hoewol’t er syn alsidichheid omearmet, fret it soms ek oan him. As keunstner mids tweintich sisst fansels ‘ja’ tsjin eltse kâns, eltse sydstap en eltse nije kant fan dysels. En al dy ûntwikkelingen meie der wêze; se meitsje in keunstner breder en feardiger. Mar wat asst dy wer rjochtest op datjinge dêr’tst dysels écht yn fûn hast? Dêr’t écht wat bysûnders bart. Werom nei hiphop. Hiphop neffens Moto syn definysje.
Oer Alexander Moto
Alexander Moto (1999) is in ferhaleferteller mei ûntwapenjende earlikens; dreamerich, mar doelrjochte dûnsje syn wurden troch de kosmos. Yn it Nederlânsk en Frysk analysearret de Gaasterlanner rapper en toetsenist de bûtenwrâld en syn binnenwrâld, ferpakt yn talige, reflektive hiphop dêr’t neat yn ferklaaid wurdt. Fanút Ljouwert brocht er earder al it album Radiostilte op Iselmar (2020), ferskate EP’s en de mixtape rups (2024) út. Yn 2026 sil syn langferwachte twadde album Fluvius it libbensljocht sjen.
Credits
Mei mooglik makke troch hiphop, Alexander Moto, syn freonen, Explore the North, Oerol Werkplaats, Tryater en Station Noord.
Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Tidens it Oerol Festival presintearret Explore the North binnen dizze Hub, ferspraat oer it eilân, wurk fan talinten dy’t ferbûn binne oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei Podium Explore yn Ljouwert as thúsbasis.