In wrâldstim yn Ljouwert
Do hast it goed sjoen: aja monet – de Grammy-nominearre blues poët dy’t mei har miks fan poëzy en topklasse jazz al in protte wrâldstêden ynnommen hat – komt nei ús festival! In artyst fan wrâldformaat dy’t sawol taalleafhawwers as muzykfans op it puntsje fan harren stoel krijt. Net foar neat stiet se lykas thús op sawol literêre poadia as de grutste jazzfestivals.
It ferbinen fan wrâlden – dêr blinkt Monet yn út. Dyn fak ferstean is ien ding, mar by har giet it om mear: har poëzy is fûl, aktyf en djip woartele yn sosjale bewegingen. Sa makke se yndruk mei har debútalbum ‘when the poems do what they do’: in muzikale ode oan Black resistance, leafde, rjochtfeardichheid en de ûnútputlike syktocht nei bliidskip. Tema’s dy’tst fiele moast. En dat slagget har bjusterbaarlik goed.
Earder dit jier ferskynde har nije bondel Florida Water, en der wurdt ek wurke oan in nij album. Grutte kâns dat monet Ljouwert traktearret op in gloedfolle miks fan har priizge debút en spiksplinternij wurk. Mis dizze stim net – it is net allinnich topklasse muzyk en poëzy, mar ek in belangryke herinnering oan wat ús ferbynt.